dinsdag 17 mei 2011

Bearend in sterke bear?

In bytsje wol. De namme Bearend is ôflaat fan de Germaanske namme Bernhard. Dy namme bestiet út de Germaanske wurden "beran" (bear) en "hard", dat sterk, moedich betsjut. De namme "Bearend" betsjut sokssawat as: sa sterk as in bear. Yn it Hollânsk is it Berend, yn it Frysk skriuwe we Bearend of is dat oerdreaun?

Wat seit it Wurdboek fan de Fryske taal? Klik hjir: bear
(Set om it hiele artikel te besjen in finkje yn de hokjes 'Toon ook: subbetekenissen | citaten')

2 opmerkingen:

  1. Dit stikje haw ik yn de krante fan tiisdei net fine kind. Sit der by de redaksje faaks in Bearn, Beart of Bearnt dy't it net lije wol dat syn namme der net by stiet en dêrom it nammekundich praatsje mar fuortmuozze hat?
    C. Veenendaal,
    Trimbeets

    BeantwoordenVerwijderen
  2. It hat yndied by fersin net yn de krante stien, mar as it goed is, sil de LC it moarn yn it "fryslân" part pleatse.
    Gj. Jelsma, Afûk

    BeantwoordenVerwijderen