vrijdag 7 mei 2010

Taalbaas: Op in minne namme lizze

As men lyts is en krekt it lêzen leard hat, sjocht men soms nuver oan tsjin ûngebrûklike staveringen. Foaral nammen soargje wol foar fraachtekens, want dy hoege net neffens de regels skreaun te wurden. Foarnammen as Sytse of Metsje kinne skreaun wurde as Sijtze of Mettje. Soms sitte der nuvere letterkombinaasjes yn in namme: by Philips moat de ph- net as twa losse letters útsprutsen wurde, mar as f. Filips dus en net 'puhilips'.

As de namme út in oare taal komt, falt it soms ek net ta om in goede útspraak te jaan. As jo yn Wales it paad nei Llanfairyneubwll freegje, is it noch mar de fraach wêr't se jo hinne stjoere.

Net-Frysktaligen yn Fryslân hawwe ek sa'n soarte fan probleem. Oeral komme jo Fryske nammen tsjin fan persoanen, bedriuwen, strjitten en doarpen. As men dy net daliks begrypt en útsprekt neffens de stavering, dan krije je soms rare fersinnen. Foarnammen as Lieuwe en Dieuwke wurde útsprutsen sokssawat as Lieve en Diewke. Yn de bedriuwsnamme Elkien moat -ien krekt as de -ie- yn stien útsprutsen wurde. Mar men heart almeast Elkyn. Sels Fryskpraters hawwe der wol oan.

De plaknamme Jirnsum wurdt yn it Frysk sokssawat útsprutsen as Jeansum, wêrby't de -n- 'troch de noas' sein wurde moat. Mar yn de trein roppe se meastal troch de ynterkom Statsjon Grou-Jirnsum, mei staveringsútspraak. Yn de bus fan Ljouwert nei Drachten seit de juffer troch de ynterkom 'volgende halte Folgéren', wêrby't de haltenamme dus as 'folgeeren' oplêzen wurdt. Hjir leit in taak foar de âldjiersploech fan de Frijsteat Folgeren!

Leit it Frysk op in minne namme? Tinke jo 'what's in a name', of moatte wy om swierrichheden tefoaren te kommen Nederlânske nammen of maklike Fryske nammen brûke?

2 opmerkingen:

  1. Pietsje Zijlstra10 mei 2010 om 15:56

    Ik woe efkes reagearre op de nammen. Ik ha yn it ferline in koarte kursus stavering dien. Dêr ha wy leard dat bygelyks Wietse skreaun wurde moat as Wytse en Pietsje as Pytsje. Oars seist: Wi-etse en Pi-etsje. Krekt as wie (was). Hoe skriuw ik it dan goed? Alfest tank. Pytsje Zijlstra

    BeantwoordenVerwijderen
  2. It is sa't jo sizze. Mar nammen binne wol gauris stavere neffens de Nederlânske regels. It koarte i-lûd wurdt dan mei -ie- stavere. Goed Frysk soe -y- wêze. Mar as it om echte eigennammen giet, dêr't in persoan by heart, dan wurdt de skriuwwize eins net oanpast. Of de persoan soe it sels wolle en dwaan moatte.

    BeantwoordenVerwijderen