zaterdag 14 augustus 2010

Taalbaas Stavering

Stavering fan Ingelske wurden
It Frysk hat genôch wurden om ús goed útdrukke te kinnen. Mar wat moatte wy, as der in nij begryp ynfierd wurdt? As der net sa gau in Frysk wurd betocht wurde kin, moat it mar liend wurde. Dan komt der mei it nije begryp fuort in nij (frjemd) wurd yn gebrûk. Sa binne de lêste jierren gâns wurden, eins op alle mêd wol, benammen út it Ingelsk oernommen. Lienwurden dus.
In lienwurd wurdt meastentiids mei ham en gram oernommen, mar it kin ek in Frysk jaske krije. Dat wol sizze dat it skreaun wurdt neffens de Fryske staveringsregels.


Iisclub of iisklup
Foar 'feriening' is út it Ingelsk it wurd 'club' liend: sportclub, fuotbalclub ensfh.
Dat wurdt langer net as frjemd, mar as in eigen Frysk wurd sjoen. Dan wurdt klup skreaun, om't de Fryskprater de Ingelske útspraak oerdreaun fynt en dus net oernimt.
Dat is mei rjocht liene! Club wurdt weromjûn oan it Ingelsk en klup is fan ús.
Yn de gearstalling iisclub binne in Frysk en in Ingelsk part oanelkoar bakt. Om't wy leaver gjin twa talen trochinoar grieme wolle, hat iisklup de foarkar. Club stiet wol yn it nije hânwurdboek, mar mei in ferwizing nei klup.

Oarspronklike of Fryske stavering?
Eins soenen wy net te gau frjemde wurden oernimme moatte, want fakentiids is der wol in Fryske wjergader. Mar as de betsjutting in nuansearring jout fan it eigen wurd, dan hat it doel en nim it frjemde wurd oer. Dan komt it probleem fan de skriuwwize! Sil it wurd de oarspronklike stavering hâlde, of moat dy oanpast wurde oan it Frysk?
Wat is better, of wat hat jo foarkar:
Club of klup? Of dochs mar feriening?
Caravan of kerreven? Of kampearwein?
Team of tiim? Of leaver ploech?

2 opmerkingen:

  1. In goede, tûke oersetting hat myn foarkar, dus: feriening, kampearwein, ploech. Mar ik wikselje se leaver ôf mei de oarspronklike wurden, dus: club en caravan. Mei 'team' haw ik de oanstriid dochs 'tiim' te skriuwen, want it Frysk hat sels in wurd 'team' yn de betsjutting fan 'dwersizer yn de bek fan in hynder' en 'neigeslacht/neiteam' en ek noch 'groep' lykas it Ingelsk: in team einen of bern. Lútsen

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Sa sjogge je mar wer dat it oersetten net maklik is.
    Ik haw leart dat je nea wurden fan ferskillende talen oan elkoar bakke meie, en as it dochs moat dan moat der in streepke tusken.
    Dus Club kin wol mar net bakt oan in Frysk wurd, dus Iisclub kin al net, dat wurd dan Iis-club en dat liket net dus wurdt it al automatysk Iisklub.
    Kampearwein hat ek myn foarkar, krekt as in optearwein.

    No dan team, ja dêr ha'k dus sels in flater mei slein, want dat ha'k brûkt by it oersetwurk by KDE*.
    Dêr sil ik no tiim brûke want dat klink wat profesjoneler.
    It is ek mar krekt wat je foar eagen ha. in fuotbalploech klinkt better as fuotbaltiim, mar op kantoar praat ik leaver oer in tiim, as yn tiimwurk.

    Mei freonlike groetnisse
    Berend Ytsma

    * fryske-kde.blog.com

    BeantwoordenVerwijderen