maandag 23 november 2009

Taalbaas: net muoilik

It Nederlânske moeilijk hat neffens Van Dale fjouwer betsjuttings:

1. aanleiding gevend tot bezwaren, last, die men moet overwinnen;
2. moeite of inspanning vereisend, alleen met moeite, met inspanning volbracht of gedaan kunnende worden;
3. (in ’t bijzonder) veel inspanning van het verstand vergend;
4. lastig, vervelend, onhandelbaar.

Dy fjouwer betsjuttings besteane yn it Frysk ek, mar moeilik is gjin Frysk. Wat wol yn de wurdboeken stiet is muoilik, mar dat wurd past net by de neamde betsjuttings. En dêrmei begjinne de swierrichheden, want wat is dan wol goed Frysk foar it Nederlânske moeilijk. En wat is muoilik dan as it net moeilijk is? Muoilik kin foar de betsjutting ‘oandien, treurich, fertrietlik, drôvich’ brûkt wurde. Tink oan: Hja wurdt elke kear wer muoilik as se it oer har ferstoarne mem hat.

Wat is moeilijk?

Yn it Frysk kinne wy foar de boppeneamde betsjuttings wurden brûke as dreech, slim, swier, lestich, mar net altyd en yn elke betsjutting. Dêrom as yllustraasje in rychje foarbylden by elke betsjutting. In foarbyld fan gebrûk yn betsjutting 1 is moeilijke tijden dat oerset wurde kin as drege tiden. En: een moeilijk geval is yn it Frysk in slim gefal.

By betsjutting 2 kin in foarbyldsin as een moeilijke bevalling oerset wurde as in swiere befalling. Van moeilijk werk kin dreech wurk makke wurde (en net swier wurk!). En as it ferstân derby moat om de swierrichheden te oerwinnen (betsjutting 3): moeilijke sommen binne drege, slimme sommen. En dat is mij te moeilijk wurdt oerset as dat is my te dreech.
En by betsjutting 4: een moeilijk karakter is in lestich karakter en moeilijke kinderen wurdt lestige bern.

Doe niet zo moeilijk
Ta beslút in slimme (of dochs net al te drege?) fraach: hoe soenen jo doe niet zo moeilijk oersette yn it Frysk?

4 opmerkingen:

  1. Myn oersetting soe wêze.
    "Doch net sa yngewikkeld"
    Ik haw noch neitocht oer betiizjend
    mar dat wurde te yngewikkeld.

    Groetnis
    Berend Ytsma
    Oersetter KDE en Opera

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Ytsma syn útstel wie myn earste tinken ek, mar it is ommers in lienwurd út it Hollânsk (ynwikkele/ynwuolle/beteard)en hat dus ek noch in ferkearde bûging. De wurden 'swier' en 'dreech' kinne hjir neffens my wol brûkt wurde. Ik soe sizze: "Doch net sa swier, sa dreech" Men kin ek sizze: "Net sa stinne!"

    Lútsen Bakker

    BeantwoordenVerwijderen
  3. Ik soe sizze:
    meitsje t net slimmer
    dan it is.

    BeantwoordenVerwijderen
  4. It wurd "yngewikkeld" tinkt my te "frollânsk" en kinne wy mar better bûtenskoattelje. Spitich dat de oersetwurden hjir net yn in grutter ramt stean. Wêr moat men "niet zo moeilijk" oer dwaan? Moai taaleigen kin wêze: "Net sa'n swiere sile lûke hear!". Of; "Der net sa'n swiere mûtse oer op hawwe hear!" Net sa krimmenearje, kreune, stinne, weine. "Net sa kleie en klieme hear!". Folle en net genôch kar.

    BeantwoordenVerwijderen