Hefshuizen
is de namme fan in eardere gemeente yn Noard-Grinslân, dy't bestie út
de doarpen Uithuizen en Uithuizermeeden. De gemeente wie neamd nei it
doarpke Hefswal. Dat hef komt fan it Aldfryske heef,
dat see betsjut. Eartiids waard praat fan it "Grutte Heef", dêr't de
Noardsee mei bedoeld waard. Moai of net? Yn it Noardfrysk komt it wurd
noch foar yn heeflüpe (waadrinne).
Klik hjir om te sjen wat it Wurdboek fan de Fryske taal seit oer hêf
(en set om it hiele artikel te besjen in finkje yn de hokjes 'Toon ook: subbetekenissen | citaten')
dinsdag 27 maart 2012
dinsdag 20 maart 2012
Twitterje en tsjitterje
Op de ynternettsjinst Twitter wurdt twittere en in berjochtsje hjit tweet. Allegear ynternasjonaal, dus Ingelsk. As der in Fryske ferzje fan Twitter komt, soe dy moai Tsjitter hjitte kinne. En berjochtsjes skriuwe en publisearje is dan tsjitterje. En in stikje op Tsjitter soe dan in tsjit wêze?
Sj. ek: http://indigenoustweets.com/fy/
Sj. ek: http://indigenoustweets.com/fy/
dinsdag 13 maart 2012
Sa'n
2000 minsken en ynstânsjes twitterje Frysk en dy hawwe mei-inoar al
300.000 Fryske twitterberjochten skreaun. Stellings nijtsjes of gewoan
de meidieling dat men pineholle hat of dat dy-en-dy it deaskoppen net
wurdich is. Moai dat it Frysk ek op Twitter is: in taal dêr't net yn
twittere wurdt is op stjerren nei dea.
Sjoch ek op: http://indigenoustweets.com/fy/
Sjoch ek op: http://indigenoustweets.com/fy/
dinsdag 6 maart 2012
Fuort mei dakjes en streekjes?
Frysk
typen giet folle flugger sûnder al dy dakjes en streekjes op 'e
letters. Mar is it dan allegear noch wol dúdlik wat der bedoeld wurdt?
Begripe jo dizze sintsjes dan noch wol:
- Les dyn les ris wer.
- De kruk hong oan de kruk.
- Dus de dus is stikken?
- In plus plus in plus is twa plussen.
Abonneren op:
Posts (Atom)