zaterdag 19 december 2009

Taalbaas stavering

Oft de e koart (pet) of lang (bêd) útsprutsen wurde moat, wurdt oanjûn mei in kapke. Mar net altyd. Hjirûnder in eigenaardich gefal. Wat is de goede skriuwwize?

A. it hat fannacht fersen
B. it hat fannacht ferzen
C. it hat fannacht fêrzen

Klik hjir foar it goede antwurd

zaterdag 12 december 2009

Taalbaas Stavering

In wurd fan Latynsk komôf wurdt in frjemd wurd neamd. Mar frjemde wurden kinne eigen wurde en kinne dan in Fryske skriuwwize krije. Hokker fan de trije wurden hjirûnder hat de goede Fryske skriuwwize?

A. atfysburo

B. adfysburo

C. advysburo

Klik hjir foar it goede antwurd

zaterdag 5 december 2009

Taalbaas Nammekunde

Wat is de betsjutting fan dizze manljusnamme? Kies út trije mooglikheden.

Sint

A. Komt fan it Germaanske Sindbald mei de betsjutting “kriichshaftich op reis”. En Sindbald giet tebek op Aldgermaansk sind dat reis betsjut en Aldgermaansk bald dat dapper betsjut;

B. Is in ferkoarting fan de namme Vincent, yn Nederlân meast as Cent of Sent oerlevere en yn Fryslân as Sint. Hat te krijen mei Latynsk vincere dat oerwinne betsjut;

C. Is in ferkoarting fan de namme Sint Nikolaas, de biskop fan Myra yn de fjirde ieu, dy’t yn de rin fan de ieuwen as hillige fereare waard as beskermer fan bern, dêr’t ús sinteklazefeest út fuortkommen is.

Klik hjir foar it goede antwurd