![]() |
Leghorn (foto: Flickr, Marji Beach) |
woensdag 15 juli 2015
Lishoarnen út Livorno?
woensdag 1 juli 2015
Do, Jo, Pyt of Beppe?
Yn it Frysk kinst in oar oansprekke mei do/dû, of mei it it mear ôfstanlike jo. Dat is yn wol mear talen sa. Tink mar oan Dútsk (du/Sie), Frânsk (tu/vous) en Nederlânsk (jij/u). It Frysk hat dêrneist noch in oare oansprekfoarm: it oansprekken mei de foarnamme of de famyljerelaasje. It binne fral jonge minsken tsjin âlderen dy't dy wize fan oansprekken brûke. In beppesizzer dy't oan beppe freget: "Hoe giet it mei beppe?" of in jonge kollega dy't oan in âldere kollega (Pyt) freget: "Wol Pyt noch kofje?" Nei alle gedachten is dy manier fan oansprekken foar jonge Fryskpraters in manier om respektfol te wêzen foar in âlderenien oer, sûnder it ôfstanlike jo te brûken.
Abonneren op:
Posts (Atom)