De gemeente Smellingerlân hat 2010 útroppen ta in jier om Rink van der Velde te betinken. Meikoarten komt yn it museum yn Drachten ek in útstalling oer Van der Velde. Yn dat ramt diskear in fraach oer ien fan Rink van der Velde syn boeken. Wêr komt it folgjende fragmint út?
“Hy snúft de rook fan flear, toarnehage en koetsebei yn. En te foet ûnderweis nei Smellie sûget er by de Hoptunen de blossems fan de kamperfoelje leech. ‘Popsûgers, fanke, priuw mar.’”
1. Foroaring fan lucht (1971)
2. Pake Sytse (1975)
3. De nacht fan Belse Madam (1991)
Klik hjir foar it goede antwurd
zaterdag 10 juli 2010
zaterdag 3 juli 2010
Taalbaas Stavering
Alearen wie der yn it Frysk it wurd skriftekennisse. Dat wurdt (spitigernôch?) net mear brûkt, om’t it as âldfrinzich sjoen wurdt. Wy hawwe der in nijer (moderner) wurd foar, mar wat is dêr krekt de goede stavering fan? Is dat A, B of C?
A. litteratuer
B. lyteratuur
C. literatuer
Klik hjir foar it goede antwurd
A. litteratuer
B. lyteratuur
C. literatuer
Klik hjir foar it goede antwurd
Abonneren op:
Posts (Atom)