dinsdag 24 mei 2011

Smoarge aap!

As ien útskolden wurdt, wurdt er wol gauris foar ien of oar bist útmakke. Ien dy't stjonkt is in murd. In dom persoan is in sûch (froulike baarch). In griemer is in baarch. In dogeneat is in smoarge aap of stjonkhûn. Ien dy't der raar útsjocht is in baviaan. Foar in ûnsympatyk persoan wurdt it Hollânske 'farken' brûkt. Wat foar skelwurden brûke jo?

dinsdag 17 mei 2011

Bearend in sterke bear?

In bytsje wol. De namme Bearend is ôflaat fan de Germaanske namme Bernhard. Dy namme bestiet út de Germaanske wurden "beran" (bear) en "hard", dat sterk, moedich betsjut. De namme "Bearend" betsjut sokssawat as: sa sterk as in bear. Yn it Hollânsk is it Berend, yn it Frysk skriuwe we Bearend of is dat oerdreaun?

Wat seit it Wurdboek fan de Fryske taal? Klik hjir: bear
(Set om it hiele artikel te besjen in finkje yn de hokjes 'Toon ook: subbetekenissen | citaten')

dinsdag 10 mei 2011

Fjouwertich?

Net-Frysktaligen sjogge nuver oan tsjin it Fryske telwurd fjouwer en fine it eigenaardich dat it tsienfâld fjirtich is en net fjouwertich. Is fjouwerenfjirtich lestiger om út te sprekken as fjouwerenfjouwertich? En is “vierenveertig'' wol logysk? It Mooringer, in fariant fan it Noardfrysk, hat fjoueränfäärti.

dinsdag 3 mei 2011

Stjerrebylden

Yn de 18de ieu wienen yn Fryslân eigennammen yn gebrûk foar de stjerrebylden. Der sitte in pear hiele moaie by, lykas Ygle Hurdholle (ram), Hâns Bolle (stier), Stikelige Douwe (schorpioen) en Pissebêd (waterman). Spitigernôch witte wy net hoe gebrûklik oft dy nammen doe wienen. Faaks wat foar yn it bûsboekje?