woensdag 23 maart 2016

Is der wat mei Dokkumers?

Der is net in stêd of doarp yn Fryslân of der is in skelnamme foar de ynwenners: Rottefalsters knopefretters, Hallumer koekefretters, Snitser weakskiters, Dokkumer granaten.
Foaral mei Dokkum en de Dokkumers is wat oan ‘e hân. Dokkumer ljirre is hynstefleis en Dokkumer flut is slappe tee. Dokkumers binne aardich ferneamd om har ferûnderstelde domheid, want in ‘dokkumer’ is in ferhaal dêr't de ynwenners fan Dokkum in ûnnoazele rol yn spylje. Dêrom wurdt ek sein ‘der is mar ien Dokkum, mar Dokkumers fynt men oeral’ (ûnnoazele minsken binne oeral te finen). Ek by it skellen komme de Dokkumers nei foaren: ‘kloat fan Dokkum!’ (grutte suffert!). En as men efkes nei Dokkum ta moat, moat men pisje en dat komt dan wer omdat men sa dronken is  as Dokkum!

woensdag 16 maart 2016

Hosen und hoazzen


It is nijsgjirrich om te sjen dat yn ûnderskate talen de betsjuttingen fan oerienkomstige, fan itselde grûnwurd ôfkomstige wurden linkenoan faninoar ôf groeie. It Fryske hoas (meartal hoazzen, ndl. ‘kous’) hat lykas it Ingelske hose (‘û.o. panty’s’) in oare betsjutting as it Dútske Hose(n). Yn it Dútsk is de betsjutting ferskood nei ‘broek’.
Sjoch no ris nei de wjergaders yn it Noardfrysk, dy't allegearre op ús hoazzen lykje: hoose (Mooring), höösen (Fering en Sölring), heesen (Halunder); de wjergaders fan ús broek (boksen) binne dêr: bukslinge (Mooring), brek/boks (Fering), brek (Sölring en Halunder). Dêr is ynfloed fan it Dútsk dus net te sjen.

maandag 7 maart 2016

Knyntsjedagen

Mei de izel yn begjin jannewaris krigen in soad minsken samar in knyntsjedei kado, om't se net op it wurk of op skoalle komme koenen. Wêr komt dat wurd knyntsjedei eins wei? De oarsprong fan dat wurdt sit him nei alle gedachten yn it soargeleaze bestean dat knyntsjes hawwe. It Frysk hat ek de aktiviteit 'knyntsjeboartsje', wat betsjut dat je fleurich achterinoar oan huppelje en springe. Fierders is der it wurd 'knyntsjelibben', dat in lui libben oantsjut. It wurd 'knyntsjedagen' wurdt ek wol brûkt as it oer fakânsje giet: 'de knyntsjedagen binne wer foarby'.

Sjoch ek Wurdboek fan de Fryske Taal