'Beam' rimet op 'dream' en 'hûs' rimet
op 'mûs', dat kin men sjen oan de gelikense skriuwwize fan de klanken. Mar yn
it Frysk wurde deselde klanken soms op ferskillende wizen skreaun. Dan rimet it
wol neffens de útspraak, mar net neffens de stavering. Sjoch mar ris nei de
wurden 'bal' en 'hol' yn dit sintsje: sy trapet de bal / yn it mûzehol. En wat
te tinken fan dit gefal: om te begjinnen / ferjit er syn triennen. It stikje
'iennen' yn 'triennen' sprekke wy op 'e selde wize út as 'jinnen' yn begjinnen.
Minsken dy't it Frysk skriuwen leare
wolle, fine it faak hiel dreech dat deselde klanken (bygelyks 'iennen' en
'jinnen') mei ferskillende tekens skreaun wurde. Soarget dat foar triennen by
it begjinnen?