woensdag 29 april 2015

It kin net ...

‘Net’ yn it Nederlânsk en yn it Frysk binne saneamde falske freonen. ‘It kin net’ is it klassike sintsje dêr't Hollânders mei troch is iis sakje. Net is ‘niet’ yn it Frysk mar yn it Nederlânsk betsjut ‘het kan net’ dat it noch krekt wol kin. Yn it Afrikaansk hat ‘net’ noch wer oare betsjuttingen. Yn de sin ‘In hierdie Swart voorstad woon nog steeds tussen drie en vier miljoen mense op 'n oppervlakte van net 130 vierkante kilometer’, betsjut it ‘slechts’, yn it Frysk ‘mar’: der wenje tusken de trije en fjouwer miljoen minsken op in oerflakte fan mar 130 fjouwerkante kilometer’. Dat kin eins net of ‘kan het net’?

vrijdag 24 april 2015

Fryske ôfdieling op www.lezenvoordelijst.nl

Om it learlingen yn it fuortset ûnderwiis makliker te meitsjen om in geskikt boek te kiezen foar de literatuerlist, is de webside www.lezenvoordelijst.nl opset. Sûnt ferline jier is der ek in ôfdieling Frysk op dy site. Dêr steane 32 Fryske boeken op dy't learlingen foar har Fryske literatuerlist lêze kinne, ferdield oer seis nivo's. Learlingen kinne op de site in boek sykje op har eigen ynteressegebiet en lêsnivo. Fan elk boek stiet der op de site in literêr-didaktyske analyze (foar de dosinten), in learlingeside (om gau in yndruk fan it boek te krijen) en in hiel skala oan ferwurkingsopdrachten (hiel oars as it tradisjonele lêsferslach). De site is net allinnich handich foar learlingen en dosinten, mar ek aardich foar leafhawwers fan (Fryske) literatuer. Sjoch mar ris op www.lezenvoordelijst.nl.

woensdag 15 april 2015

Kin 't noch wat wurre?

Yn it sintsje ‘wy wurde better’ wurdt de r foar de d net útsprutsen. Wy sizze: ‘wudde’. En yn ‘wurde’,  as de d tusken twa klinkers yn stiet, sprekke wy him ek wol út mei in 'r': ‘wy wurre der net better fan’. En de d is noch wat aparts mei: dy skriuwe wy wol, mar yn ‘hy wurdt better’ sprekke him út as in t: ‘wut’.
Stomme letters, letters dy't wol skreaun, mar net útsprutsen wurde, en letters dy't in oare útspraak krije, hoe moatte wy dat allegear skriuwe? De staveringsregels binne hjir wat ‘konservatyf’ en dêrom hâlde wy dy r foar de d yn ‘wurde’, en skriuwe wy in d yn ‘wurdt’ as de útspraak mei in t is en de foarm ‘wurre’ hat ek al gjin plakje krige yn de skriuwtaal.

donderdag 9 april 2015

Je Frysk fiele sûnder Frysk te praten?

Gauris is taal en identiteit mei-inoar ferbûn. Je fiele je Frysk want je prate Frysk, dochs? Dat hoecht fansels net it gefal te wêzen. Yn it Sibearië (Ruslân) wennet in grutte Dútske minderheid. Hja binne dêr oait hinne brocht yn de tiid fan Stalin. Dy minderheid fielt him yn de regel aardich Dútsk. Hja prate lykwols dy taal net, mar dûnsje noch wol op in tradisjonele Dútske wize, mei tradisjonele Dútske klean en muzyk. Sels yn it hjoeddeiske Dútslân wurdt dat net mear op dy wize dien. Ek siede se Dútsk iten en dogge se typysk Dútske aktiviteiten. Taal en identiteit hoecht dus net altyd lyk op te gean. Hoe is dat by jim? Wêrtroch fiele jim jim Frysk? Is dat troch de taal of spylje ek noch oare saken in rol?

woensdag 1 april 2015

Hâld op te mieren!

Dat lytse iverige bistje dat yn in koloanje wennet en wurket, sizze jo dêr sokssawat as eameler, miammel of mier tsjin? De earste twa wurden binne Frysk, it tredde is Nederlânsk. Eameler en miammel (ek wol mychammel) hawwe te meitsjen mei it Nederlânske wurd emelt (larve fan in langskonkmich, Frysk: gersrûp). Mier is hjir dus gjin Frysk, mar de Nederlânske plantenamme ‘muur’ is yn it Frysk wol wer mier. En by âlds waarden de meaners dy't yn de maitiid nei Fryslân kamen foar de ûngetiid (tiid dat hea wûn waard) mieren neamd. En dan hawwe wy noch it wurd ‘miere’, dat prutse, omgrieme betsjut. En dat is dan wer Nederlânsk. Snappe jo it noch of sizze jo no ‘hâld op te mieren?’