woensdag 25 maart 2015

Kroandea

Wat bloedread is, is sa read as bloed. Wat pikswart is, is sa swart as pik. En hoe sit it mei wat kroandea is? Is dat sa dea as in kroan? It wurd kroandea hat neat mei in kroan te meitsjen. It komt fan it Frânske charogne, dat yn it Nederlânsk bestiet as karonje. Sa stiet it ek yn it Wurdboek fan de Fryske Taal. It hat twa betsjuttingen 'ferachtlik frouminsk' en 'kadaver fan in dea bist'. It sil dy twadde betsjutting wêze dy't wy yn kroandea werom sjogge. Nei alle gedachten is it skelwurd kring ek fan charogne ôflaat.

woensdag 18 maart 2015

Utstjerren fan talen te foaren komme

Elke lytse taal hat der mei te krijen: it trochjaan fan de taal fan generaasje op generaasje om sa de taal yn libben te hâlden. UNESCO hat in ‘Atlas of endangered languages’ útbrocht dêr’t op te sjen is hokker talen útstoarn binne, op stjerren nei dea binne of yn de ‘gefaresône’ sitte. Guon talen wurde op de falreep noch opskreaun om te bewarjen foar ynteressearren of it neiteam. In foarbyld dêrfan is it meitsjen fan in wurdboek fan it Wukchumni, in Indianentaal yn Kalifornia. De lêste frou dy’t dy taal noch praat, is begûn om de taal op te skriuwen. In koarte dokumintêre dêroer is te finen op: http://youtu.be/iRDmRXCizEM

woensdag 11 maart 2015

Gjin Frieze Frysken

It eigenskipswurd Dútsk giet út op in k, mar yn Dútser (in persoan fan Dútsk komôf) sit dy letter k net. Watfoar taalkundige regel sit dêrefter? As wy ússels ta foarbyld nimme, is dy regel goed te ûnthâlden: Friezen (sûnder k) prate Frysk en sa is Ingelsk de taal fan de Ingelsen (sûnder k). In Frânsman (gjin k) yt Frânske tsiis. Winliken is der gjin inkeld probleem: Noarsk heart by de Noaren, lykas Finsk by de Finnen. En Rusklân roait fansels nearne nei.
En de Oekraïners? Dy prate Oekraynsk, mei in k en (... in y, lykas yn Frysk. Mar dat lêste is wer in oar staveringsprobleem).

woensdag 4 maart 2015

Folkloristysk strykizer

Yn 1958 skriuwt Abe Brouwer: ‘Hja jompt yn 'e learzens’. Dêr sit dúdlik it Ingelske ‘to jump’ (springe) yn: hja jompt = hja springt. Ingelsk yn it Nederlânsk of Frysk is dus net fan de lêste tiid, ek yn earder tiden namen wy al Ingelsk oer. It wurd folkloare bygelyks is ek oarspronklik Ingelsk mar komt al mear as 100 jier yn it Frysk foar. En de lokomotyf liende it Frysk al mear as 150 jier ferlyn út it Ingelsk. Aardich om te witten is dat lokomotyf letter noch in nije betsjutting krige: in strykizer dêr't foar it ferwaarmjen briketten yn dien waarden en dat foarsjoen wie fan in skoarstien om de reek ôf te fieren.