woensdag 25 februari 2015

Pypfol

It Frysk hat in soad wurden dy't einigje op –fol en dy't brûkt wurde om in hoemannichte (‘hoeveelheid’) mei oan te tsjutten. It wurd betsjut dan: ‘safolle as dat der yn … past’. Sa kin men bygelyks prate fan in tsjerkfol minsken of in amerfol apels. In bysûnder gefal is it wurd ‘skepnetsjefol’. Dat betsjut nammentlik net ‘safolle as yn in skepnetsje past’, mar: yn oerfloed! En dat wylst in skepnetsje ek gauris leech is... 
In oar nijsgjirrich gefal is it wurd 'pypfol'. Dat hat as betsjutting: sa folle as dat yn in piip past. Mar it wurd komt ek foar yn útdrukkingen. Ien op in pypfol hawwe wol sizze: ien net sa heech hawwe. En ast tinkst dat it neat wurde sil, dan kinst sizze: Dat ha ik op in pypfol. It wurd kin ek brûkt wurde as tiidsoantsjutting en betsjut dan: sa lang as dat it smoken fan in piip duorret. Jim ha no dus in pypfol Taalbaaske-lêzen.

woensdag 18 februari 2015

Ferliest it Frysk de lêste -n?

It omdraaien fan de tiidwurdfolchoarder is sa’n typysk ferskynsel fan taalferoaring yn it Frysk. Der binne mear foarbylden fan ynfloed fan it Hollânsk op it Frysk. Ien dêrfan is it net mear útsprekken fan de –n oan ’e ein fan in wurd. Yn it Nederlânsk wurdt bygelyks ‘lopen’ meastentiids útsprutsen as lopuh. Yn it Frysk sprekke je lykwols de –n efter in wurdt wol út. It binne dan faak ek Friezen dy’t yn it Nederlânsk lopen (mei in dúdlike –n efter it wurd) sizze yn stee fan lopuh. In nij fenomeen is dat Friezen yn it Frysk dy –n oan de ein fan in Frysk wurd ek net mear útsprekke. Nim bygelyks de neikommende sin: “ik gean efkes te rinnen”. Yn it Frysk hearre je dúdlik de –n efter rinnen. Troch de Nederlânske ynfloed, wurdt it ek wol sa útsprutsen: “ik gean efkes te rinnuh”.

woensdag 4 februari 2015

Kapkes of dakjes

De minsken dy’t yn it Frysk twitterje, hawwe it mier oan kapkes op letters. Om't it te folle wurk is, litte se dy mar wei. It kapke (dakje) hat sels mear as ien funksje, dat salang't der gjin oar staveringssysteem betocht is, kinne wy der net sûnder. In dakje op de a, de o of de e betsjut dat de útspraak fan dy letters langer wurdt (stal is koart en stâl lang; rot is koart en rôt lang; pet is koart en bêd lang). Mar in dakje op de u (û), seit neat oer de lingte fan de útspraak. Dan wurdt bedoeld dat de útspraak oe (tink oan boek, bûk) wêze moat. De útspraak fan u mei in kapke (û) kin sawol koart (hûn) as lang (hûs) wêze.