woensdag 27 augustus 2014

Een lidwurd

Ien fan de earste dingen dy't je leare oer it Frysk, is dat it lidwurd ‘een’ yn it Frysk as ‘in’ skreaun wurdt. Gjin drege regel, mar ek wer wol. Om't hast alle Friezen mear Nederlânsk as Frysk lêze en skriuwe, is it wurdbyld fan ‘een’ folle sterker as dat fan ‘in’. En sa kin it samar dat der op in Frysk bertekaartsje stiet: ‘Wy binne bliid en wolle hiel lûd roppe: wy ha een lytse poppe!’

woensdag 20 augustus 2014

hjeldagen

De hjeldagen binne wer foarby, sizze wy nei krysttiid of nei de peaske- of pinksterdagen. Foar in gewoane frije dei wurdt ek wol sein dat it in healdei is.
Dat ‘hjel’ yn hjeldei giet tebek op Aldfrysk ‘hēliga’ en betsjut hillich. In hillige dei dus, en de kristlike feestdagen wurde ek yn it bûtenlân wol as hillige dagen oantsjut: it Dútske Heiligabend is de jûns foar de earste krystdei. En it Ingelske holiday betsjut alderearst ek (kristlike) feestdei. Mar krekt as dat ús hjeldei ek frije dei betsjut, is holiday yn Ingelân in frije dei of in fakânsjedei.

woensdag 13 augustus 2014

Moochlik is ek bêst mooglik

Stavering is in kwestje fan regels. Mar om't der yn in protte gefallen mear staveringsregels fan tapassing wêze kinne soenen, is it ek in kwestje fan kiezen. Hokfoar staveringsregel hat de foarkar? In wurd as draachlik wurdt stavere mei in ch foar -lik, omdat de stam fan it tiidwurd drage ek in ch oan ‘e ein hat: ik draach. Yn oare gefallen wurdt foar -lik in g skreaun. Mooglik, deeglik en daagliks krije in g (it giet by dy trije wurden net om de tiidwurdsstam dy't op ch einiget: ‘ik mooch, ik deech, ik daach’, dat kin net!). Mar sprekke wy it g-lûd foar -lik net altyd stimleas (as ‘ch’) út?! Op grûn fan de útspraak is in dúdlike regel as ‘altyd ch foar lik’ dochs bêst mooglik; ja, moochlik.

woensdag 6 augustus 2014

Wet gebruik Friese taal

Op 1 jannewaris 2014 is de nije Wet gebruik Friese Taal fan krêft wurden. Dy wet hat ta doel om de lykweardigens fan it Frysk en Nederlânsk yn de provinsje Fryslân te befoarderjen, benammen yn it bestjoerlik ferkear en yn it rjochtsferkear. Guon bepalingen yn dy wet binne net nij. As boarger hienen je al it rjocht om tsjin in bestjoersorgaan (gemeente, provinsje, plysje, belestingtsjinst en gean sa mar fierder) yn it Frysk te praten of skriftlik yn it Frysk te kommunisearjen. Dat in soad organisaasjes net op de hichte wienen fan dy al besteande bepalingen yn de wet, is in oar ferhaal. As boarger hienen jo ek al it rjocht om it Frysk te praten yn de rjochtseal. De Wet gebruik Friese taal kin dus benammen sjoen wurde as in gearfetting fan al besteande rjochten yn ien nije wet. Ofsûnderlike bepalingen oer it Frysk yn de Algemene Wet Bestuursrecht en Wet Friese taal in het rechtsverkeer, binne no net mear nedich.
http://wetten.overheid.nl/BWBR0034047/geldigheidsdatum_06-08-2014