woensdag 19 februari 2014

Stiennen brekke

De útspraak fan de 'ie' yn stien feroaret yn it meartal stiennen. De ie wurdt dêr útsprutsen as ji en dat is te sjen oan de dûbele n. It saneamde ôfgeand twalûd [ie] wurdt in opgeand twalûd [ji]. Sa giet it ek mei kies en kiezzen (kjizzen) en mei (breid)priem en priemmen (prjimmen). Dy feroarjende útspraak wurdt brekking neamd.
 

Op 'e Sweach is yn 'e haadstrjitte in winkel mei de namme kiezzel. De útspraak kjizzel leit foar de hân, mar is net faak te hearren. Soenen Fryske klanten fan kiezzel de namme net it leafst mei brekking útsprekke wolle? Sa is it lykwols net bedoeld. Der is yn de winkel mei alderhanne snypsnaren in grutte kar út en de namme komt fan kies sels! Fan kiessel nei kiezzel, mar der is gjin inkeld ferbân mei stiennen of brekking.

http://www.kiezzel.nl/

woensdag 12 februari 2014

Tryater

As jo yn Fryslân wenje, is de kâns grut dat jo wolris in foarstelling sjoen hawwe fan Tryater, it teaterselskip út Ljouwert. Miskien hawwe jo jo ek wolris ôffrege wêr't dy namme 'Tryater' weikomt. Oant healwei de 20e ieu waard in teater ek wol 'tryater' neamd. It is in folksaardige ferbastering fan it Frânske 'théatre', sa't 'perfester' dat wie fan'professor', 'pendaal' fan 'pedaal' en 'pompier' fan 'papier'. No witte wy better en libbet 'Tryater' allinne as eigennamme troch. Yn in eigensinnige stavering, want eins soenen wy 'triater' skriuwe moatte.

woensdag 5 februari 2014

Net oerdriuwe

It wurd oerdriuwe kin útsprutsen wurde mei de klam op oer ('oerdriuwe) en mei de klam op driuwe (oer'driuwe). Leit de klam op oer, dan betsjut it 'foarby driuwe, oer eat hinne driuwe': de wolken driuwe oer. As de klam op driuwe falt, betsjut it 'moaier lykje litte as dat it yn it echt is': sy oerdriuwt gauris as it oer har leafdeslibben giet. 
Miskien is it jo opfallen dat yn de earste sin oer en driuwe los faninoar steane en dat se yn de twadde sin byinoar bliuwe? Soartgelikense wurden mei ferskillende klam en betsjutting binne 'oerlade en oer'lade, oer'stimme en 'oerstimme. Wat binne de ferskillende betsjuttings fan dy wurden?