dinsdag 27 december 2011

Tsjalfstadion?

De namme Thialf is foaral bekend fan it Thialf-stadion. De namme is ôflaat fan de Germaanske namme Thialfi: dat wie de feint fan Donar, de Germaanske god fan tonger en wjerljocht. Hy is ek as in Fryske foarnamme oerlevere, yn Opsterlân. De útspraak yn it Frysk is Tsjalf, sa't guon ek sizze. Dus tenei: Tsjalf-stadion?

dinsdag 20 december 2011

Kaai en sleutel

Hieltyd mear Friezen ferfange kaai troch sleutel. Dat is fansels Hollânske ynfloed. Dochs komt sletel al yn de midsieuwen yn it Frysk foar. En kaai is ek net allinnich Frysk, it is ûntstien út keg, in wurd dat wy yn it Hollânsk noch wol kenne foar in puntich stikje hout of metaal. Dus: kaai of sleutel, it makket allegear net folle út. Of al?

Wat seit it Wurdboek fan de Fryske taal? Klik op:
kaai
sleutel

(en set om it hiele artikel te besjen in finkje yn de hokjes 'Toon ook: subbetekenissen | citaten')

dinsdag 13 december 2011

Mei of sûnder lidwurd

De bern binne nei skoalle. Yn it Hollânsk wurdt dat ek sa sein: ze zijn naar school, sûnder lidwurd! Op snein geane de lju nei tsjerke (gjin lidwurd), mar yn it Hollânsk geane se nei de kerk. Ze gaan naar kerk is abnormaal taalgebrûk. Nei tsjerke gean is hiel gewoan. Steane jo wolris stil by sokke lytse ferskillen tusken talen?

Fuort mei dakjes en streekjes?

Frysk typen giet folle flugger sûnder al dy dakjes en streekjes op 'e letters. Mar is it dan allegear noch wol dúdlik wat der bedoeld wurdt? Begripe jo dizze sintsjes dan noch wol: 
  • Les dyn les ris wer. 
  • De kruk hong oan de kruk. 
  • Dus de dus is stikken? 
  • In plus plus in plus is twa plussen.

dinsdag 6 december 2011

Sûnenssoarch: bryk Frysk?

Fryske wurden op -ens kin men net langer meitsje. Dus efter sûnens en feiligens kin men neat mear sette. Sûnenssoarch is eins bryk Frysk en feiligensûndersyk heart nearne nei. It kin maklik oars: medyske soarch en feilichheidsûndersyk binne treflik Frysk. Of net?