dinsdag 26 april 2011

Appelskea: bedoarne apels?

It earste part fan de namme fan it doarp Appelskea slacht wol op appels, mar it twadde part hat neat mei skea te krijen. En ek net mei "gea", sa't faak tocht is. Nee, dat "skea" giet wierskynlik werom op "skag", dat boskje betsjut. De Stellingwerfske namme "Appelsche" komt dêrmei oerien. Appelboskje dus.

dinsdag 19 april 2011

Sûvenir of sûvenier?

As wurden út in oare taal yn it Frysk oernommen wurde (lienwurden), wurdt de stavering oanpast. Sa hat it Frânske souvenir (oantinken) in Frysk jaske oankrige, alhoewol... It oe-lûd wurdt oanjûn mei u-kapke, lykas yn bûter. De ein fan it wurd, mei in i as yn spjir, moat lykwols útsprutsen wurde as yn spier. Soe “sûvenier” dan net in bettere skriuwwize wêze?
Wat seit it Wurdboek fan de Fryske taal? Klik hjir: sûvenir
(Set om it hiele artikel te besjen in finkje yn de hokjes 'Toon ook: subbetekenissen | citaten')

dinsdag 12 april 2011

It bloeit giel en it is ...

De bûterblom is in bekende goudgiele blom mei fiif kroanbledsjes en komt oeral yn tunen, bermen en greiden foar. Der binne mear gielbloeiende planten dy't bûterblom neamd wurde: de djerreblom (dotterbloem), it bûtergieltsje (speenkruid), it sulverblêd (zilverschoon) en de peaskeblom (sleutelbloem). Binne der noch mear planten dy't bûterblom hjitte?

Wat seit it Wurdboek fan de Fryske taal? Klik hjir: bûterblom
(Set om it hiele artikel te besjen in finkje yn de hokjes 'Toon ook: subbetekenissen | citaten')

woensdag 6 april 2011

Lûd fan bisten oeral oars!

Kukeleku heart foar ús echt by in hoanne, mar yn Frankryk is dat cocorico. Hoe kin it, dat Amerikanen cock-a-doodle-do hearre en Navajo-yndianen ha'ii'-ao? Onomatopeeën binne wurden dy't in lûd neibauwe. Mar hoe kin it dat dy rûnom op 'e wrâld ferskillend binne?