dinsdag 22 februari 2011

Leave santjin

“Leave santjin en gjin ein” wurdt wolris roppen as men jin earne slim oer fernuveret: “Hoe kin dat no?” Hoe komt it Frysk oan dy útdrukking? It wurd santjin hat neat mei it getal 17 te krijen, mar komt fan earder Frysk santen, dat wer fan it Latynske sanctus (hillige) komt. It betsjut sokssawat as “leave hilligen”.

Klik hjir foar leave santjin yn it Wurdboek fan de Fryske taal

dinsdag 15 februari 2011

In boarre is in bear!

In mantsjebaarch hyt fan 'bear' en in mantsjekat fan 'boarre'. Dat is fan komôf itselde wurd! 'Boarre' is de oarspronklike Fryske foarm foar mantsjebisten. Foar bargen is de Nederlânske foarm 'bear' yn gebrûk kaam. Yn it Ingelsk hyt in mantsjebaarch noch wol fan 'boar'.

dinsdag 8 februari 2011

Kin de namme Fokje net mear?

Guon âlden doare har dochter net Fokje te neamen, omdat oaren de namme mei it Ingelske 'fuck' assosjearje. Alhoewol't de lûden ò en u dochs wol ferskille, kin dat net mear lije. Mei Fokje is oars neat "mis": it komt fan it Germaanske "foke", dat folk betsjut. Lykas de jongesnammen Fokke en Foeke.

dinsdag 1 februari 2011

Frysk-Latynsk wurdboek

It earste Fryske wurdboek ferskynde yn 1872 en is skreaun troch Joast Halbertsma. It wurdboek is net folslein: it giet mar oan feer ta. Meastal stiet der yn it Latyn by wat de betsjutting is. In foarbyld út it wurdboek: buterje: It wol nat buterje, ‘res procedere nescit’ (betsjutting: it giet net neffens winsk). Is sa'n wurdboek de muoite wurdich?