dinsdag 28 december 2010

De billewein

Op 'e sneup nei oare manieren om 'rinne' te sizzen? 'Mei it arbeidershynder gean' is in moaien. Of 'mei de billewein gean'. Dy billewein kin ek it skuonmakkersweintsje of de apostelwein neamd wurde.

dinsdag 21 december 2010

Nei Betlehim gean

Men kin sizze ‘ik gean op bêd’. Mar it kin ek oars sein wurde: Nei Betlehim gean. Efter it bolwurk krûpe (efter de brede rêch fan jins man of frou lizzen gean). Nei De Falom gean. Op 'e fearman gean, krûpe. It fierderop, hegerop besykje. Oekedakke gean. Wy sille ús wat opbergje.

dinsdag 14 december 2010

Raerd en Raard rare doarpen?

Binne Raerd en Raard rare doarpen? Grut Raerd yn Boarnsterhim en Lyts Raard by Dokkum. Wa wit, mar de namme betsjut hiel wat oars. Aldere foarmen binne Rawerth, Rauwert en Raedwert. De betsjutting dêrfan is wierskynlik terp mei reid fan Germaansk hriad en werth.

dinsdag 7 december 2010

"Elkien" is foar eltsenien!

De namme fan de Fryske wenningkorporaasje "Elkien" is net foar eltsenien daliks begryplik. Elkien is Frysk foar it Hollânske "iedereen". It wurdt útsprutsen mei it ôfgeande twalûd ie [i-uh]. Der binne mear farianten fan dat wurd. De wenningkorporaasje "Elkien" hie him nammentlik ek eltsien neame kinnen, elkenien, eltsenien, of sels elkmis.

Klik hjir foar elkenien yn it Wurdboek fan de Fryske taal