dinsdag 30 november 2010

Moster as takkebosk

Yn de siswize Immen troch de moster fiterje is moster net it guod om iten skerp mei te meitsjen, mar is it in takkebosk dat foar in brânsteapel brûkt wurdt. De siswize betsjut immen fiks oanpakke. Immen dus troch de tûken jeie. Ferlykje it Nederlânske door de mosterd slepen.

Klik hjir foar it Wurdboek fan de Fryske taal: moster II

dinsdag 23 november 2010

Sex yn Sexbierum?

It wurdsje sex hat hjir, al hoe grappich guon dat ek fine, neat út te stean mei it wurd seks. Sex yn Sexbierum slacht op de namme Sixtus II, in hillich ferklearre paus út de tredde ieu. It Fryske seis fan Seisbierrum is dêr in ferbastering fan en hat dus ek neat mei it getal seis te krijen.

dinsdag 16 november 2010

Wat is it Ongerslân?

Yn Ierlân wenje Ieren en yn Letlân Letten of Letlanners. Belgen wurde ek wol Belzen neamd, want se libje yn it Belzelân, in oare Fryske beneaming foar België. Foar Hongarije (das Land der Ungaren, op syn Dútsk) is der noch in moaiere beneaming: It Ongerslân.

Klik hjir foar Wurdboek fan de Fryske taal: Ongerslân

dinsdag 9 november 2010

famke en fanke

It wurd famke is bysûnder. It hat nammentlik in oanropsfoarm (fokatyf), dy't brûkt wurdt by it oansprekken fan fammen en froulju. Dy foarm is fanke. Ik hear no ek wol 'Hoi, famke', mar fan âlds seinen Friezen altyd 'Hoi, fanke!'

Klik hjir foar Wurdboek fan de Fryske taal: famke
Klik hjir foar Wurdboek fan de Fryske taal: fanke

dinsdag 2 november 2010

Wat binne de bisten tsjelreauwich!

In alderapartst wurd is 'tsjelreauwich'. It betsjut 'skrikkerich', 'gau fan 'e mik'. Letterlik betsjut it 'kjellivich': 'tsjel' is itselde wurd as 'kjel' (bang, benaud) en 'reau' is in âld wurd foar 'lichem'. Men kin tsjelreauwich wêze, mar ek tsjelreauwich piipje of snetterje.
Klik hjir foar Tsjelreauwich yn it Wurdboek fan de Fryske Taal