zaterdag 26 juni 2010

Taalbaas Stelling

Mear eigen Fryske wurden betinke tsjin fierdere ferhollânsking?

Meidat hieltyd mear wurden en útdrukkingsfoarmen oernommen wurde út it Hollânsk (en út it Ingelsk), bliuwt der fan it Frysk skielk neat mear oer as in regionaal kleure dialekt fan it Hollânsk. Yn de neikommende stelling giet it oer it tsjinkearen fan dat proses.

“Om fierdere ferhollânsking (en feringelsking) fan it Frysk foar te kommen, sille mear eigen wurden (nijfoarmingen of neologismen) betocht én ynfierd wurde moatte.” Mei iens/net mei iens?

maandag 21 juni 2010

Taalbaas: hun hawwe

Hun hawwe?

Foarnamwurden binne wurden dêr't persoanen mei oantsjut wurde. Yn it Frysk binne dat: ik, do, hja/sy/hy, wy, jo/jimme, hja/sy. Yn it Nederlânsk ik, jij, zij/hij/u, wij, jullie, zij. As ferdúdliking in Nederlânske foarbyldsin: zij hebben een boek gekocht. Yn de sin ik geef hun een boek is hun ek in foarnamwurd. Yn it Nederlânsk binne der in soad minsken dy't hun hebben een boek gekocht sizze kinne. Der is strideraasje oer oft dat goed Nederlânsk is of net. De grammatikaregels sizze dat it ferkeard is, mar as men de minsken sels freget, dan fine se it wol goed. De Nederlandse Taalunie fynt it net goed en seit dat it gjin standerttaal is.

Hun binne?
De boppeneamde sinnen binne yn it Frysk sa: hja hawwe in boek kocht en ik jou har(ren) in boek. De sin har hawwe in boek kocht is net neffens de regels fan de Fryske grammatika. Soe it wol sein wurde?
It Nederlânske hun komt wol foar yn it Frysk. Op it ynternet, dêr't de gewoane Friezen skriuwe, fynt men krekt as yn it Nederlânsk: "Hun binne ek jong west of net dan!", dêr't de grammatika de wurdsjes hja of sy foarskriuwt.
En yn de folgjende ynternetfoarbylden soe net hun, mar har(ren) stean moatte: "En wy kinne no al sizze: sommigen skrikke hun dea" en "... ek by hun binne net alle leden elts jier beskikber om te spyljen".

De regels foar hja/sy en har/harren binne hiel maklik: hun is Nederlânsk en bestiet yn de Fryske standerttaal net. Hun komme moat wêze: hja/sy komme. En by hun binne alle leden ... is yn it Frysk: by har(ren) binne alle leden ...

As der in Fryske Taaluny bestean soe, dan soe dy it op dy wize foarskriuwe moatte.

zaterdag 5 juni 2010

Taalbaas Nammekunde

Fryske eksonimen

Wat binne eksonimen?
Eksonimen binne nammen yn de eigen taal foar plakken en wetters dy’t bûten it eigen taalgebiet lizze. Bekende eksonimen yn it Frysk binne Grins (foar de stêd Groningen) of Utert (foar Utrecht). It falt op dat fan plakken tichterby it meast eksonimen foarkomme. Dat seit himsels: yn de buert fan de oergong fan twa taalgebieten is der mear ûnderling ferkear. Sa binne ticht by of op de Fryske taalgrins fan hast alle plakken wol beneamings yn it Frysk en it Nederlânsk. Bygelyks: De Like (Leek), De Wylp (De Wilp) en Stienwyk (Steenwijk). Dy hawwe fansels ek Nedersaksyske beneamings, om’t se yn it Nedersaksyske taalgebiet lizze, bygl.: Stienwiek.

Untjouwing nei ien offisjele namme
De ûntjouwing fan de lêste tiid is dat foar algemien gebrûk langer mear de bûtenlânske offisjele namme oanholden wurdt. Sa kin men yn it Nederlânsk foar Dútske plakken noch wol de nammen Keulen en Aken tsjinkomme, mar net mear Dusseldorp en Frankfort of foar Frankryk wol Parijs en Straatsburg, mar net mear Rijsel (Lille), Robaais (Roubaix) en Atrecht (Arras).

Yn it Frysk wurde guon eksonimen stadich troch de Nederlânske foarm ferkrongen: De Like en Roan wurde langer yn it Frysk mear Leek en Roden. En nammen as Oark (foar Urk), Dimter (foar Deventer) of Swol (Zwolle) sil men net faak tsjinkomme. Utsein ien namme: Boarkum foar it eilân Borkum: dy is troch Durk van der Ploeg syn Foarby it Boarkumer fjoer út it ferjitboek helle.
Is it slim as datsoarte nammen út de taal ferdwine? It is fansels wol sa maklik: gjin betizing by de taalgrins (Nederlanners witte yn België net wat Rijsel op de buorden is). Of is it in stikje ferlies fan taalrykdom?