maandag 29 maart 2010

Taalbaas Stavering: Hok, bok en bak

Hoe kinne wy op papier oanjaan, hoe’t ús taal klinkt?
In staveringssysteem mei letters dy’t mei de ferskillende klanken korrespondearje liket ienfâldich, mar der binne al wat probleemkes.
Sa hawwe wy yn it Frysk in lûd dêr’t gjin eigen teken foar is en dat is it lûd yn hok. Dat lûd leit tusken de o fan bok en de a fan bak yn. Yn wurdboeken wurdt de útspraak fan hok ferdúdlike mei in ɔ.

Op it lêsplankje fan aap-noot-mies stie eartiids in punt of in plat streekje op de o fan hok. Dêr moasten de bern út begripe dat dy o oars útsprutsen wurde moast as dy fan bok. Wat it Hollânsk oanbelanget is der suver net ien mear dy’t him om dat ferskil bekroadet. Mei it ferdwinen fan it lêsplankje en it ûntbrekken fan in aparte letter liket dy klank ek ferdwûn.

Yn it Frysk is dat lûd noch altyd te hearren. As wy it oer sokke sokken hawwe, dan binne der twa ferskillende o-lûden te hearren: sokke mei de o fan bok betsjut zulke en sokken mei de o fan hok hawwe wy oan de fuotten. Mei dy lûden wurdt dus in betsjuttingsûnderskied útdrukt. It spitige is, dat der op skrift gjin ferskil te sjen is.

En it wurdt noch lestiger, want it o-lûd (ɔ) wurdt ek sein yn man, jas en noch folle mear wurden dêr’t de a folge wurdt troch in s, l, d, t of n.
It Frysk is in klankrike taal, mar hoe passe wy de stavering dêr by oan? Moat der in letter (of letterkombinaasje) bybetocht wurde, of hâlde wy it by o en a as werjefte fan de trije lûden o, a en ɔ? Hok, bok en bak

zaterdag 20 maart 2010

Taalbaas: Sadat

Okkerlêsten kaam der in fraach by de Afûk yn oer it wurd sadat: “Dat bynwurd (voegwoord) wurdt hieltyd mear brûkt yn stee fan sadwaande. Mei dat wol?”

Ynearsten tinkt men: mei sadat is neat mis, mar by neier ynsjen binne der wol reden om der noch efkes langer by stil te stean. In foarbyld fan in sin mei sadat is: Juster wie it min waar, sadat we net bûten sitte koene. Mar men kin yn it Frysk ek sizze: Juster wie it min waar, sadwaande koene we net bûten sitte. Of: Juster wie it min waar, dat we koenen net bûten sitte.

As we de wurdboeken der op neislane, sjogge we dat sadat al sûnt lang yn it Frysk bestiet: neffens it Woordenboek der Friese taal is it al yn 1810 optekene. It is lykwols lang as minder gongber yn it Frysk beskôge. Douwe Tamminga seit oer sadat yn syn Op ’e taelhelling II (1973): “It bynwurd ‘sadat’ (Ned. ‘zodat’) bestiet yn it Frysk wol, al moat der by sein wurde dat it yn ús omgongstaal net bot yn trek is”. Yn it Frysk Wurdboek fan de Fryske Akademy (1985) wurdt it yn it Nederlânske part mijd en oerset mei ‘dat’ en ‘sadwaande’. Yn it nije Frysk Hânwurdboek fan 2009 wurdt it gewoan lykas alle oare bynwurden neamd.

Dat en sadwaande komme fan âlds mear yn de omgongstaal foar. It liket derop dat ûnder ynfloed fan it Nederlânske zodat ek sadat ûntstien is en yn de rin fan de tiid hieltyd mear brûkt wurden is. Sadat stiet wat betsjutting oangiet op deselde hichte as dat en sadwaande. As men lykwols tichter by it Frysk bliuwe wol, kin men better dat en sadwaande brûke.

dinsdag 16 maart 2010

Taalbaas Stelling

Fryske bewegers ien grutte famylje?

By syn oanstelling as heechlearaar Fryske taal- en letterkunde oan de Ryksuniversiteit yn Grins hat dr. Goffe Jensma de posysje fan de Fryske beweging op it aljemint brocht. Hoe sjogge Friezen fan hjoed de dei nei it Frysk-kulturele fermidden? Is dat lykas yn de neikommende stelling?

“It giet Fryske bewegers allinnich mar om Friezen it idee te jaan dat hja mei-inoar ien grutte famylje foarmje.” Mei iens of net mei iens? Jou jo miening!

vrijdag 5 maart 2010

Taalbaas: Earmtakken útdiele

Yn in fuotbalwedstriid krige in spiler read om't er in earmtakke útdield hie. Fuotballers diele blykber mear út as allinne hantekenings. Yn it Frysk Hânwurdboek stiet by útdiele: '(fan in hoemannichte, foarried) oan elk fan in tal persoanen in diel jaan'. As dat tapast wurdt op earmtakken útdiele, komt it net goed. Wat yn it wurdboek stiet is net ferkeard, mar kin net tapast wurde op in earmtakke útdiele. De fuotballer hat gjin foarried earmtakken en hy jout oan mar ien oare spiler in 'hiele' earmtakke en net in diel dêrfan. En nei't er him útdield hat, is de oare fuotballer ek net yn it besit kommen fan de earmtakke fan de útdieler. De betsjutting fan útdiele is dus breder as wat yn it wurdboek stiet.

It útdielen yn ús foarbyld giet fierder: it giet net mear om 'ompartsjen oan elk út in foarried', mar om 'jaan, skinken'. As útdielen ienkear dy útwreiding fan betsjutting krigen hat, kinne der neist konkrete saken as jild, folders, rekkenboekjes ek minder materiële dingen útdield wurde: boeten, bonnen en bekeurings, oarders of straffen. En noch figuerliker: in politikus dy't de swarte pyt útdielt. En de siswize: de lekkens útdiele (alles regelje, te sizzen hawwe, de baas wêze). Dat earmtakken útdield wurde kinne, sil úteinlik wol komme fan: in klap, stomp (mei de earmtakke) jaan, útdiele.

Der is in siswize: Hy stie by it útdielen efter de doar (hy hat net folle ferstân meikrigen). De konklúzje kin wêze dat men by it útdielen fan earmtakken better efter de doar stean kin en dat de útdieler net folle ferstân meikrigen hat.
Kin in earmtakke útdiele neffens jo yn it Frysk? En sa net, hoe sizze wy it oars?