maandag 18 januari 2016

Blue Monday

Hjoed 18 jannewaris is it Blue Monday. Sûnt 2009 hawwe wy alle jierren sa'n deprimearjende moandei, dat alles ôffalt, tsjinsit en misrint. De put is dy deis it populêrste plak om yn te sitten. En it is noch wol wittenskiplik bepaald mei formule en al!
Der bestiet ek in echte blauwe moandei of blaumoandei: de moandei foar Jiskewoansdei (Aswoensdag), in katolike feestdei yn febrewaris-maart, oan it begjin fan de 40-dagetiid. In frije dei! Blaumoandei betsjut ek in koart skoftsje tiid: sy hat in blaumoandei by de Fryske Akademy wurke.'Blaumoandeihâlde' is in dei frij nimme en ien dy't dat docht is in 'blaumoandeihâlder'. Elk dy't hjoed lêst hat fan 'blue monday' moat mar efkes blaumoandeihâlde!

woensdag 6 januari 2016

Folle lok en seine




In nije jier is krekt begûn en oeral winskje minsken inoar 'folle lok en seine' ta. 'Seine' is it Fryske wurd foar Nederlânsk 'zegen', wylst in soad minsken ek wol 'segen' sizze. It wurd 'seine' komt ek foar yn in hiele oare betsjutting: it is in stik ark mei in bôgefoarmich blêd oan in stôk, om gers en nôt mei te meanen. It komt ek wol foar yn útdrukkingen. Fan ien mei in grutte mûle wurdt wol sein dat dy 'in bek as in seine' hat. En oer earme minsken wurdt wol sein: 'ryk fan bern is earmeljus seine', wat sizze wol dat in protte bern de iennichste rykdom is foar earme minsken. Yn dy lêste útdrukking hat seine fansels wer deselde betsjutting as yn de nijjierswinsk.