woensdag 23 december 2015

Pis-op-bêd en poep-op-bêd

'Iemand van de wal in de sloot helpen' kin yn it Frysk fansels letterlik oerset wurde mei 'ien fan 'e wâl yn 'e sleat helpe'. De wurdboeken jouwe foar de oersetter dy't it oars en moaier sizze wol noch wat mear suggestjes: immen yn 'e ûnderwâl helpe, immen yn it lijen, it ûngelok helpe. 'Van de wal in de sloot geraken' kin hiel byldzjend oerset wurde mei dizze twa útdrukkingen út de folksmûle: 
in pisser yn 't bêd fuortstjoere en in skiter yn 't bêd weromkrije, 
in pis-op-bêd gean litte en in poep-op-bêd weromkrije. 
Yn it Nederlânsk bestiet dat sa: pissebed verjagen en kakkebed weerom krijgen.

donderdag 10 december 2015

Gûle en skrieme


Janke, jankje, gûle, krite, lipe, skrieme, trieneagje en trienje, it binne allegearre wurden foar 'triennen streame litte fan fertriet'. De earste twa hawwe in ûngeunstige betsjutting as it om minsken giet en wurde ek faak brûkt foar bisten. Se kinne ek de betsjutting ha fan seure, kleie. (It wurd 'janke' bestiet trouwens ek as frouljusnamme en as gerjocht: 'gleone Janke' is stamppot fan swiete apels, ierappels en fleis.) De oare wurden ha net de ûngeunstige betsjutting dy't 'janke' en 'jankje' ha. Fansels kin de kontekst dêr’t se yn brûkt wurde de betsjutting wol ûngeunstich meitsje, bygelyks yn 'skrieme as in wrakke tsiis'. Dat betsjut dat ien mei in soad triennen gûlt, want in wrakke tsiis is in tsiis mei in soad focht. Trieneagje en trienje wurde meastentiids brûkt yn harren earste betsjutting fan 'trienjende eagen hawwe'.