donderdag 27 augustus 2015

De arbeidsreserve docht in boadskip



De wierheid hat in skel lûd en dêrom fersêftsje wy yn de taal faak de wierheid, dan komt it wat minder hurd oan. Soms brûke wy fage termen om de oandacht fan de wierheid ôf te lieden. Soms is de wierheid ek taboe en moat er wat omsichtich ferteld wurde. Wurden of útdrukkingen dy't de wierheid behimmelje, fersêftsje of fertsjusterje, neame wy ek wol eufemismen. In pear foarbylden: ombûge (foar besunigje), arbeidsreserve (foar de grutte wurkleasheid), it baitsje útlûke (stjerre), in boadskip dwaan (skite moatte), ferdwine litte (politike tsjinstanners fermoardzje), ynsliepe litte (deameitsje). Soms wurdt yn it Frysk in Hollânsk wurd as eufemisme brûkt: plasse foar ‘urinearje’ omdat pisje te plat fûn wurdt.

woensdag 19 augustus 2015

It fynmeitsjen fan ierappels


Hoewol't it bûten de doar taboe is, meie in soad minsken harren iten graach peie. It wurd 'peie' (Nederlânsk: 'prakken') wurdt meastal brûkt foar it fynmeitsjen fan ierappels. Mar men kin ek brune beane of grienten peie. It Frysk hat gâns ferskillende wurden foar de aktiviteit fan it fynmeitsjen fan iten op it board: platsje, prakje, prykje, prûze, tepeie en tsjamkje. Soe dy fariaasje oan foarmen wat sizze oer de Friezen en harren pei-gewoanten? It peien fan iten skynt trouwens net sa ferkeard te wêzen: it lichem kin beskate stoffen dan makliker opnimme. Pei mar ta en yt lekker!

vrijdag 7 augustus 2015

No no, nûnû


It Dútsk hat foar 'sobber' ( 'sûger' of 'sûchstyk') it wurd (der) 'Schnuller', (Hollânsk fopspeen). Yn Dútske bernetaal wurdt sa'n ding gauris beneamd mei Schnulli, mar ek wol mei Nunu (spr. út: noenoe). Dat is fansels in moai maklik wurdsje, like maklik as bygelyks de poppewurdsjes mem of tata. Neist sobber, jouwe de Fryske wurdboeken ek pup, tuts en …non, nun en nûn!  Dat lêste is hast itselde as dat Dútske bernewurd Nunu. Poppen en pjutten hawwe fakernôch in sobber yn 'e mûle, mar it wurd nûn sil net faak brûkt wurde. Wa ken (of brûkt) de wurden non, nun of nûn noch? En hoe neame wy in sûchdop op in bidon of wetterfleske hjoed-de-dei?