woensdag 24 juni 2015

Fryske poëzij yn Leien

Wa't wolris yn Leien komt, is miskien opfallen dat dêr gedichten op guon muorren steane.
http://www.muurgedichten.nl/troelstra.html
 'De muurgedichten' neame se dy. Yn ‘e Weddesteeg is in Frysk gedicht te sjen fan Piter Jelles Troelstra. Ferline jier novimber wie it fyftjin jier lyn dat it dêr op 'e muorre skildere is. It gedicht falt op troch syn achtergrûn fan in Fryske flagge. It gedicht hjit 'Maaie op it iis'. Jabik Veenbaas hat it gedicht oerset as ‘Mei op het ijs’.