vrijdag 25 april 2014

Moai mokkeltsje

It Nederlânske wurd mokkel betsjut neffens Van Dale 'dik, mollig kind' en ek 'geliefde' en 'meisje in het algemeen'. It Frysk hat it Nederlânske 'mokkel' oernommen. It liket derop dat it Frysk net de betsjutting fan 'dik, mollig kind' liend hat, mar wol dy fan 'in kreas, lekker frommes, in aardige jongfaam'. Yn sitaten fan Fryske skriuwers komt it meast yn de ferlytsingsfoarm 'mokkeltsje' foar: 'Moaie en leave mokkeltsjes dy't har troch ús thúsbringe litte woene (Piter Boersma). Yn 'Gryt wie it mokkeltsje fan Jan' is Gryt de faam ('vriendin') fan Jan. Noch in fraach: wat sizze jo, de mokkel of it mokkel?

donderdag 17 april 2014

Jiertallen útsprekke


As in artikel yn 'e winkel € 2,75 kostet, kinne wy dy priis útsprekke as twa fiifensantich. Dat euro hoecht der net perfoarst by. Sa is it ek mei meters en oare ienheden. Mei jiertallen allyksa: de slach by Waterloo wie yn 1815 en dat jiertal kinne wy útsprekke as achttjin fyftjin. Willem-Alexander en Máxima binne troud yn 2002 en dát jiertal sprekke wy ornaris út as twatûzen twa. 


Oan 'e ein fan de tweintichste ieu die de taalkundige Joop van der Horst de foarsizzing dat fan it jier 2000 ôf de jiertallen earst wol de folsleine útspraak krije soenen, mar dat nei ferrin fan tiid dat tûzen yn 'e sprektaal wol ferdwine soe. Syn betinken wie dat dy feroaring om 2015 hinne syn beslach krije soe. Is it no dus skielk twa fyftjin, tweintich fyftjin of sizze jo leaver twatûzen fyftjin?

donderdag 3 april 2014

Winkel

Wat hat in ‘winkelheak’ mei in ‘winkel’ út te stean? No, in ‘winkel’ wie oarspronklik in ‘hoeke’ en in winkelheak is hoekich. It Dútske ‘Winkel’ hat de âlde betsjutting hieltiten noch. It wurd is besibbe oan it tiidwurd ‘winke’ (swaaie), dat fanâlds ‘nei de sydkant gean’ betsjutte. Ynearsten wie in ‘winkel’ dan ek in hoekje op in plein of yn in gebou dêr't dingen ferkocht waarden. Stadichoan ferskode de betsjutting fan it wurd nei ‘gebou mei in ferkeapfunksje’.
Winkel fan Auke Rauwerda, Ljouwert - dêr ferkeapje se grif ek winkelheakken