donderdag 28 februari 2013

De sokken deryn sette


In hiel grut part, miskien wol de helte, fan ús wurden is liend út oare talen. Faak ha wy dat hielendal net yn 'e rekken. Wa wit bygelyks dat 'muorre' en 'skoalle' út it Latyn komme? 'Sok' is ek sa'n Latynsk lienwurd. De Romeinen hienen it oer in 'soccus' en se bedoelden der in skoech mei. Sels ha de Romeinen it wurd trouwens wer fan de Griken. Yn it Frysk kinne wy mei 'sok' ek in bistepoat mei in ôfwikende kleur bedoele. En wy ha der idioom mei foarme, lykas 'Skjinne sokken waskje gjin switfuotten' (it is mei sizzen net te dwaan) en 'de sokken deryn sette' (avensearje).

donderdag 21 februari 2013

Kâlde kâlterij

Iiskâld en stienkâld binne foar de hân lizzende fersterkings; sa kâld as iis, of as (in) stien. As it bûten hiel kâld is, neame wy dat glûpende, stjerrende of gnobkâld (gnobbich of knobsk). Piet Paulusma hat it der faaks wolris oer. Minsken kinne fan harsels ek kâld wêze. Sa kâld as in âldroek, as in kikkert, in skylfisk, in hjerring, in hjerstkat ensfh. seit wat oer de lichemstemperatuer. Minsken kinne ek kâld, ûnferskillich fan karakter wêze en dêr binne ek moaie wurden foar: sa kâld as in molkenbak of as in pûn moal.

donderdag 14 februari 2013

Jin de fingers ôfslikje


De wiisfinger wurdt ek wol foarste finger neamd. Grutte finger wurdt brûkt foar middelfinger en ringeling foar ringfinger. Yn it Nederlânsk komt ringeling foar yn it rymke 'Naar bed, naar bed zei duimelot ...' mei dêryn ek de fingernammen likkepot, lange Jaap en kleine ding. De njoggentjinde-ieuske Fryske skriuwer Joast Halbertsma notearret foar it Frysk ek sa'n rychje: lytse pink, gouden ring, âldemoer, potslikker, luzeknipper. Opfallend is dat beide talen foar de wiisfinger in namme hawwe dy't ferwiist nei it mei de finger slinen út potten en pannen mei lekkers. Taal is sa moai, men soe jin de fingers der by ôfslikje.

donderdag 7 februari 2013

De mohammedaanske Koran


De klam ('klemtoon') bliuwt net altyd op itselde plak lizzen yn in wurd. Dat kinst moai sjen by de wurden 'Mohammed' en 'Koran'. It stiet my foar dat wy dy yn de jierren '70 en '80 altyd útsprutsen mei de klam op it earste wurdlid ('lettergreep'), wylst dy klam no yn beide wurden op it twadde wurdlid leit. 
It wurd 'Koran' stiet ek yn âlde wurdboeken en dy jouwe my gelyk. Yn de jierren '60 wie it noch 'Kóran'. Yn de jierren '90 seit Van Dale 'accent wisselt' en de nijste Van Dale leit de klam op it lêste wurdlid: "Koráán".

vrijdag 1 februari 2013

Modern Frysk…


Swiere ûntploffings droanden oer de stêd.  In swier dof lûd kin útdrukt wurde mei it tiidwurd droane, mar dat is sa linkenoan ferkrongen troch dreune. Mei dat dreunen of droanen kin ek it ientoanich ritme fan (swier) lûd bedoeld wurde. Jo kinne b.g. in psalm of de tafels opdreune. Der wurdt de lêste jierren foar ûndersyk en spionaazje eksperimintearre mei fleantúchjes sûnder bemanning. Om it swiere ientoanige lûd wurde dy tastellen drones neamd. Kinne wy sa'n ding net in droan neame? Droan is in âld Frysk wurd dat al by Gysbert Japix foarkomt, mar no (wer) o sa goed brûkber. Hoe modern kin it Frysk dochs wêze!

Klik op droane/dreune (Wurdboek fan de Fryske Taal, set finkjes foar 'subbetekenissen' en 'citaten' om it hiele artikel te besjen). 

Sjoch ek op 'etymolgiebank' foar mear oer 'dreunen'