Wisten
jo dat tegel fan it Latynske 'tegula' (dakpanne) komt? En dat slapen oarspronklik 'slap zijn' betsjut? In skat oan sokke ynformaasje
oer it komôf fan wurden is te finen op de website etymologiebank.nl.
Men kin allinne Nederlânske wurden opsykje, mar der wurdt wol faak nei
besibbe Fryske wurden ferwiisd.
Klik hjir: etymologiebank.nl
dinsdag 25 september 2012
dinsdag 18 september 2012
Minekus
Minekus
of Minikus is in manljusnamme dy’t men net faak op skrift tsjinkomt. De
namme wurdt meast as Dominicus ynskreaun. De namme komt fan de Spaanske
hillige Dominicus út de 12e ieu. Yn Fryslân is de namme yn de 16e ieu
yn gebrûk kommen. Benammen yn roomske húshâldings komt de namme foar en
yn Brabân en Limboarch.
dinsdag 11 september 2012
Mear as ien mûzel?
Kin
dit: ‘Hoe krijst it yn 'e harsen.’ ‘Ik haw in mûzel.’? Nee, de wurden
‘harsens’ en ‘mûzels’ besteane allinnich mar yn it meartal, mei in
fakterm: in plurale tantum. Yn it Frysk steane wurden foar ‘ûnnedige
drokte, oanstellerij’ faak ek ferplichte yn it meartal: gibeltsjes,
grysjes, babbelegûchjes, oankomsten. En hawwe jo wolris fan ien
omballing of tûkelteam heard?
Lês mear: "ien omballing"
Lês mear: "ien omballing"
maandag 10 september 2012
Hoe komt dat?
As
ien de earm yn 't ferbân hat en jo freegje hoe't it komt, kin it
antwurd wêze: It komt wol wer goed. Mar miskien woene jo de oarsaak
witte, dus hoe't it kommen is! It tiidwurd komme
ferwiist nei de takomst (mar ôfwachtsje hoe't it komt), mar mei de
fraach “Hoe komt dat?” wolle wy wat witte oer it ferline. Kin it dus twa
kanten út? Ja, blykber al.
Abonneren op:
Posts (Atom)