Binne
Frysk en Nederlânsk lytse talen? Nee, perfoarst net! Nei tal sprekkers
(22 miljoen) is it Nederlânsk de 42e taal. Dêrmei heart it by de grutste
ien persint fan de seistûzen talen fan de wrâld. It Frysk heart ek noch
mei gemak by de tûzen grutste talen fan 'e wrâld.
dinsdag 29 mei 2012
dinsdag 22 mei 2012
Grêfstienfrysk
Wy
krigen okkerdeis de fraach oft 'ÚS MEM' op in grêfstien in streekje
krije moast. Wy skriuwe faak wol aksinten op haadletters, mar by
drukletters litte wy se meast wei. Is de tekst hielendal yn haadletters,
lykas op grêfstiennen, dan kin men better wol aksinten brûke om de
tekst lêsber te hâlden.
dinsdag 15 mei 2012
Malgum
Wa't
wolris op Flylân west hat komt yn de buert fan it "Posthuys" de namme
Malgum tsjin: De namme liket op in Fryske plaknamme op –um: in
kombinaasje fan in persoansnamme mei –heem (= hiem). Is it miskien in
eardere delsetting earne tusken East-Flylân en West-Flylân? It frjemde
is lykwols dat de namme yn de besteande literatuer net foarkomt. Wa kin
dêr mear oer sizze?
dinsdag 8 mei 2012
Trijetalich ûnderwiis
Der
binne sa'n fyftich trijetalige basisskoallen yn Fryslân. Op dy skoallen
wurde de lessen om bar jûn yn it Frysk, Nederlânsk en Ingelsk. De bern
leare dêr in soad fan. Dit jier binne middelbere skoallen yn Burgum,
Wommels en Koudum ek begûn mei trijetalich ûnderwiis. Wat fine jo
dêrfan?
dinsdag 1 mei 2012
Kompjûter of rekkenark?
It Fryske wurd kompjûter komt fan Ingelsk computer, dat oarspronklik ‘rekkenark’ of ‘rekkener’ betsjut. Yn it Súd-Afrikaansk seit men ek rekenaar, yn it Platdútsk is it reekner, yn it Beiersk Rechna. Moatte wy yn it Frysk kompjûter ferfange troch: rekkenizer, rekkener of rekkenark?
Abonneren op:
Posts (Atom)